Betelpas NHL kreake

10 mrt 2011 - 12:07

De kaart dêr't tûzenen studinten fan de NHL yn Ljouwert alle dagen mei betelje is sa lek as in tsjems. Twa studinten fan de hegeskoalle kinne de kaart sa bewurkje dat se him fergees oplade kinne. Dit bart mei in kaartlêzer en in programma op de kompjûter. Mei de betelpas kinne studinten alles yn it gebou betelje.

De twa studinten dy't it lek ûntdekten ha dit oan de skoalle fertels om dy te wizen op de risiko's. De skoalle sil in ûndersyk ynstelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)