AED oproppe fia Burgernet

Yn de Súdwesthoeke komt in proef mei it oproppen fia Burgernet fan minsken dy't in AED betsjinje kinne. De proef begjint yn april en sil in healjier duorje. Doel is dat der sa'n 1000 minsken oan meidogge. Dy sille yn groepkes tsien fia Burgernet ynskeakele wurde as der in reanimaasje mei in AED nedich is.
It giet dan om minsken dy't yn de buert wenje fan it plak dêr't de ynset nedich is. It giet om in primeur foar Nederlân.