Tsjûgen socht fan berôving

10 mrt 2011 - 10:35

De plysje siket de bestjoerder en ynsittenden fan in wite persoane-auto dy't tiisdeitejûn mooglik tsjûge west ha fan in poging om in frou fan har tas te berôvjen.

Dit wie om in oere as njoggen jûns yn Ljouwert by de fytstunnel fan Eeskwerd rjochting it Havankpark. De frou waard hjir klem riden troch twa manlju op de fyts. Se besochten har tas te pakken, mar dat slagge net. De frou waard yn it gesicht slein en rûn dêrby letsel op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)