'Gjin beammen foar museum'

09 mrt 2011 - 21:00
  • It nije Fries Museum op it Saailân
  • Arsjitekt Hubert-Jan Henket

Der moatte perfoast gjin beammen komme foar it nije Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert. Dat seit arsjitekt Hubert-Jan Henket, ferantwurdlik foar it nije museum. Neffens him sille de beammen de útstrieling fan it museum en it plein oantaaste.

Ut in enkête ûnder Ljouwerters die bliken dat dy der just wol graach beammen ha wolle om it gesellich te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)