Drokke beurs fuotbalplaatsjes

09 mrt 2011 - 20:28

Goed 2000 samlers fan fuotbalplaatsjes ha elkoar woansdei troffen yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Supermerkbedriuw Albert Heijn organisearre in spesjale ruilmiddei foar minsken dy't har sammelalbum mei spilers út de earedivizje fol meitsje woene.

It evenemint luts net allinnich mar jonge fuotbalfans, mar ek âlders en pakes en beppes dy't har mei it sammeljen en ruiljen fan plaatsjes dwaande holden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)