Te min lintsjes foar froulju

09 mrt 2011 - 16:51

Froulju krije te min keninklike ûnderskiedingen en dat moat feroarje, fine de noardlike provinsjes. Alle jierren is op keninginnedei hinne it tradisjonele byld dat de man in lintsje krijt en de frou it feestje beskieden meifiere mei.

Ferline jier binne 150 Friezen keninklik ûnderskieden. Hûndert dêrfan wiene man. Dizze moanne komt in lobby op gong om mear froulju foar te dragen foar in lintsje. Gelske van de Wulp, ferline jier riddere, is dêr foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)