Flechtoplieding oer 2 wike los

09 mrt 2011 - 15:35

Om it flechtsjen ek foar de kommende generaasjes te bewarjen as ambacht set it flechtmuseum yn Noardwâlde op 25 maart útein mei in flechtoplieding. De oplieding is benammen rjochte op profesjonals dy't it flechtsjen foar harren eigen wurk brûke kinne.

It giet bygelyks om meubelmakkers en moadeûntwerpers. De oplieding wurdt earst opset as proef om te sjen hoefolle minsken der op ôfkomme. Dernei sil besjoen wurde oft it helber is de kursus fierder út te wreidzjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)