Ald fruitras werom nei winkel

Fruitrassen dy't al lang ferdwûn binne út de Fryske winkels moatte wer werom nei de skappen. Dat wol stifting Fruit yn Fryslân. Om dat foarinoar te krijen moat earst hifke wurde hokker rassen dêr geskikt foar binne.
Fyftich ferskate rassen krije de kommende jieren de kâns harren te bewizen by kweker Van Alfen yn Sint Jabik. It giet om apels en parren fan rassen dy't bytiden sa ûnbekend binne dat se net iens in namme hawwe.