Ynbraak yn Camminghabuorren
By in ynbraak yn in hûs oan de Hanckemastins yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is tiisdeitenacht foar in grut bedrach oan guod stellen.
De dief koe deryn komme troch in rút te fernielen. De ynbrekker is útnaaid mei in laptop, twa mobile tillefoans, in dvd-spiler en in grut jildbedrach. De rezerjze ûndersiket de ynbraak.