Gordykster pakt foar stellerij

De plysje hat tiisdeitemiddei op De Gordyk in man (47) út dat plak oanhâlden foar stellerij. De man hie earder trije pakjes sjek stellen út in winkel oan de Dwarsstrjitte. Hy waard betrape en naaide hurd út.
Twa personeelsleden giene achter him oan en bellen yntusken 112. Wilens syn flecht bedrige de winkeldief de meiwurkers fan de winkel mei in mes. De plysje koe de fertochte koart dêrnei yn in hûs oan de Skoalstrjitte oanhâlde. Hy is meinaam nei it buro.