Steaten wer op Omroplive.nl

09 mrt 2011 - 09:53

De alderlêste gearkomste fan Provinsjale Steaten yn de âlde gearstalling is woansdei fan 10.00 oere ôf live te folgjen op ús temasite www.omroplive.nl. Op dizze gearkomste wurdt ôfskied nommen fan mar leafst 26 fan de 43 sittende steateleden.

Mar der wurdt ek noch fergadere oer oare saken lykas earmoedebelied en it ferline wike presintearre rapport fan de kommisje Hoekstra oer it mooglik oerdragen fan it foech Frysk fan ryk nei provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)