Sykje yn it Frysk en Hollânsk

Bibleteek Boalsert
It sykjen yn de Fryske bibleteken is tenei in stik makliker. Troch de ynfiering fan in nij syksysteem wurdt nammentlik meartalich socht. As jo dan bygelyks sykje mei it wurd "dun" sil ek it boek "Tin IIs" fan Tiny Mulder yn de resultaten te finen wêze.
Tiisdeitemiddei waard it nije systeem offisjeel yn gebrûk naam troch deputearre Jannewietske de Vries. It is de bedoeling dat alle bibleteken yn Fryslân it systeem brûke. Ek fan bûten Fryslân is der al ynteresse.