Jild foar wykideeën Ljouwert

08 mrt 2011 - 21:30

Fjouwer 'oandachtswiken' yn Ljouwert meie elk 55.000 euro stekke yn plannen dy't de sosjale gearhing ferbetterje. Foar it tredde jier lûkt Ljouwert jild út foar sokke wykideeën. Yn it ferline is it jild stutsen yn in kuierpaad, in bernekrante, sportaktiviteiten, blombakken en boarterstastellen.

Foar elts plan is op syn meast 10.000 beskikber. Dit jier binne de Schepenbuurt, Cambuursterhoek, de Vlietzone en Vrijheidswyk oan de beurt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)