Aksje tsjin stowende dunen

08 mrt 2011 - 20:58

Steatsboskbehear hat op Skylge takkeskermen yn de dunen pleatst om de ôfslach fan dún tsjin te gean en nij dún oangroeie te litten. Yn in strook fan fiif kilometer by Easterein wurdt eins de natoer mei rêst litten, mar dat hat derfoar soarge dat in grut stik dún fuortstood is.

Reden foar de maatregels is net dat it dêrtroch gefaarlik is, mar dat eilanners der bang fan wurde. De ynstansjes fersekerje dat der gjin gefaar foar oerstreaming is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)