Brânstifter foar rjochter

08 mrt 2011 - 14:59

Tsjin in 43-jierrige man fan De Lemmer dy't fertocht wurdt fan brânstifting, is tiisdei trije jier sel easke, wêrfan ien ûnder betingst. De man soe tusken july en novimber ferline jier op fiif plakken op De Lemmer brantsjes stifte hawwe.

De brânstiftings soargen foar in soad opskuor yn it doarp. De plysje rôp de ynwenners op om alert te wêzen en út te sjen nei de dieders. Mei elkoar hawwe der 40 brantsjes west, benammen yn konteners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)