Gevel yn Harns op ynstoarten

08 mrt 2011 - 12:44
  • De gevel fan 'e Scapino
  • Skuorren fan tichtby

De gevel fan Scapino oan de Voorstraat yn Harns is hastich stut omdat er op ynstoarten stiet. Meiwurkers fan Bou- en Wenningtafersjoch fan de gemeente konstatearren dat de gevel gefaarlik oerhinget. Om it winkeljend publyk te beskermjen, is de stoepe foar de winkel ôfset mei stekken.

De gemeente wol sa gau mooglik mei de eigner fan it gebou ôfspraken meitsje oer de restauraasje fan de gevel fan it monumintale pân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)