Protest Opsterlân plan Bleker

08 mrt 2011 - 12:39

It oanbieden fan in petysje tsjin de besunigings op natuergebieten en natuerferbiningssônes yn De Haach, hat seker doel hân. Dat seit it kolleezje fan Opsterlân. Yn De Haach ha se de petysje oanbean oan sân ferstjintwurdigers fan de politike partijen yn de Twadde Keamer; de measten wiene ek keamerlid.

Der binne gjin konkrete tasizzings dien, mar de keamerleden wiene wol wiis mei de besite en de ynformaasje oer de gefolgen yn Opsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)