Brânstifter Minnertsgea oppakt

08 mrt 2011 - 10:46

De plysje hat moandei in 19-jierrige jonge út Den Bosch oanhâlden fanwege brânstifting. De man wie in pear wiken lyn útfanhûs yn Minnertsgea, doe't dêr nachts brân wie. Undersyk wiisde út dat de jonge wierskynlik it fjoer oanstutsen hie. Hy waard moandei yn Assen oppakt om't er dêr doe besocht 4 ôffalbakken yn 'e brân te stekken.

Omdat de jonge socht waard troch de Fryske plysje, is er nei Fryslân brocht en foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)