Twa auto's stellen yn Drachten

08 mrt 2011 - 10:15

Dieven ha moandeitejûn yn Drachten twa auto's stellen, neidat se de autokaaien fuortnaam hiene. De kaaien sieten yn de bûse fan in pear jassen dy't yn de garderobe fan in sealesintrum yn de Pier Panderstrjitte hongen.

De auto's binne fan in man fan 74 út Wynjewâld en in man fan fan 79 út Drachten. Se ha oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)