Frachtauto klem troch TomTom

08 mrt 2011 - 10:12

In man út Diepenbeek yn België hat him moandei yn Snits klemriden mei syn frachtauto fol nije auto's. Hy wie ûnderweis nei in garaazje yn Snits, doe't er fan syn navigaasje-apparaat de Willem Santemastrjitte ynride moast. Doe't er dat die, kaam er fêst te sitten. Om wer fuort te kommen, ried er achterút, mar kaam doe tsjin in lampepeal oan. Dy foel om.

It enerzjybedriuw hat de stroom útsteakele. De frachtauto rekke wat skansearre. De sjauffeur skeelde neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)