Frjentsjerter famke oanrand

In 15-jierrich famke út Frjentsjer is moandei slachtoffer wurden fan oanranding. Se fytste op It War by de Frjentsjerterbosk doe't der in man út de boskjes kaam. Hy twong har om ôf te stappen en besocht har de boskjes yn te lûken. It famke koe harsels losskuorre en útnaaie. De plysje hat om de man socht, mar koe him net fine.
De plysje freget minsken dy't moandeitejûn omtrint njoggen oere wat sjoen ha yn de omjouwing fan de Frjentsjerterbosk om har te melden.