Gearwurking linkse partijen

De provinsjale fraksjes fan SP, GrienLinks en D66 wurkje gear yn de race foar kolleezjedielname. De partije neame har inisjatyf 'De Friese Lente'. Se hawwe 13 punten opsteld wêrmei't se de ûnderhannelings yngean. De fraksjes pleitsje ûnder oare foar it oprjochtsjen fan in koöperative, duorsume enerzjymaatskippij.
Ek wolle se it iepenbier ferfier en de soarch ferbetterje. Mei de gearwurking tinke de fraksjes dat de PvdA earder foar in links kolleezje kiest.