Undersyk nei jongeren en seks

Der komt in nij grut ûndersyk nei hoe't jongeren omgean mei seks. It giet om in lanlik ûndersyk dat seis jier ferlyn ek alris útfierd is. De GGD wol sjen oft hoe't de belibbing fan seks feroare is en wat de ynfloed fan ynternet is.
Ut it eardere ûndersyk kaam nei foaren dat in fyfde part fan alle famkes wolris tsjin har sin seks hat. Sjoen wurdt oft dat sifer feroare is. Yn Fryslân sille jongeren tusken 17 en 25 jier út Smellingerlân ûnderfrege wurde.