Plan foar herfoarming Parnas

07 mrt 2011 - 18:57

It Ljouwerter Sintrum foar de Keunsten Parnas besiket mei in alternatyf plan it fuortbestean feilich te stellen. De muzykskoalle moat dêrom feroarje yn in tsjinstesintrum dat bemiddelet tusken learlingen en dosinten. It nije sintrum moat de namme Kunstplein Leeuwarden krije.

It sintrum wol net mear dosinten yn eigen tsjinst hawwe, mar ûnderdak biede oan lessen fan selsstannige dosinten. Ljouwert moat bot besunigje en hâldt op mei stipe oan Parnas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)