Sel âld-militêr foar misbrûk

In 48-jierrige âld-militêr út Tytsjerk is moandei troch de rjochtbank yn Arnhem ta tritich moanne sel feroardiele, wêrfan tsien ûnder betingst. Hy hat syn styfdochter njoggen jier lang seksueel misbrûkt.
It famke wie acht doe't it misbrûk begûn. De âld-militêr moat him fan de rjochtbank behannelje litte. Hy moat it famke ek 5000 euro skeafergoeding betelje. De man joech tsjinoer de rjochtbank ta dat er de fout yngien wie en wol graach behannele wurde.