Hierhuzen NE-Fryslân opknapt

07 mrt 2011 - 16:00

Wenningkorporaasje Thús Wonen yn Dokkum knapt 4000 hierhuzen yn Noardeast-Fryslân op foar in bedrach fan 135 miljoen euro. It wurde saneamde 'levensloopbestendige' wenningen. De huzen wurde sa oanpast dat minsken fan 30 oant 90 jier deryn wenje kinne. Drompels ferdwine en de keukens en it sanitêr wurde fernijd.

De korporaasje nimt de maatregel om't de befolking âlder wurdt. De opknapbeurt moat dêrneist in antwurd wêze op de krimp yn it gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)