Earste ljipaai yn Súd-Hollân

07 mrt 2011 - 15:52

It earste ljipaai fan 2011 is sneintemiddei fûn yn in greide by it Súd-Hollânske Maasland. Sjaak Rasens út Maasland fûn it aai om fjouwer oere hinne yn de Commandeurspolder.

De fynst is moandeitemoarn om healwei achten offisjeel oanmeld. It aai is kontrolearre troch meiwurkers fan Lânskipsbehear. Mei de fynst is it greidefûgelseizoen 2011 offisjeel begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)