Try-out Freek de Jonge útsteld

07 mrt 2011 - 14:02

De try-out foarstelling 'Neven' fan kabaretier Freek de Jonge tiisdei yn it teater fan Snits giet fanwege sykte net troch. De Jonge hat gryp. Der is in nije datum pland op sneon 29 oktober. Minsken dy't in kaartsje hiene foar de try-out foarstelling, kinne dy brûke foar de foarstelling yn oktober. Wa't dan net kin, krijt syn jild werom.

Neffens it management hat Freek de Jonge de ôfrûne fyftjin jier net in foarstelling ôfsein troch sykte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)