Hiemstra fraksjefoarsitter PVV

Hiemstra en Aardema (r)
De 46-jierrige Jelle Hiemstra fan Snits is keazen ta foarsitter fan de steatefraksje fan de PVV Fryslân. Hiemstra wie by de ferkiezings foar provinsjale steaten de kampanjelieder. De PVV komt mei fjouwer sitten yn de steaten. Max Aardema sil him binnen de fraksje dwaande hâlde mei it behertigjen fan de belangen fan de PVV Fryslân yn Den Haach en Brussel.
De oare funksjes wurde no woansdei fêststeld by de earste steatefraksjegearkomste fan de PVV.