Arts en De Jong wolle troch

07 mrt 2011 - 13:30

SC Cambuur-trainers Alfons Arts en Henk de Jong wolle fluch dúdlikheid oer de takomst fan Arts. It kontrakt fan de haadtrainer rint nei dit seizoen ôf en de klup wol ein maart mei him om tafel.

Assistint-trainer Henk de Jong (syn kontrakt rint wol troch) hat by finansjeel direkteur Gerald van den Belt oanjûn dat se no al dúdlik wêze moatte. Arts en De Jong fiele harren ôfremme yn harren plannen foar takom seizoen troch de ûnwisse sitewaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)