Blokkade boarplatfoarmen

(argyffoto)
Ingelske piloaten blokkearje it pleatsen fan griene, fûgelfreonlike ferljochting op boarplatfoarmen. Dat meldt ûndersiker Leo Bruinzeel fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga yn Feanwâlden.
In saneamd Worst Case scenario ûndersyk fan Bruinzeel yn opdracht fan Rykswettersteat makke ferline jier dúdlik dat aardich wat fûgels op wei nei ûnder mear de Fryske kust ôflaat wurde troch de ferljochting fan de boarplatfoarmen en dêrtroch dea gean.