Elske DeWall sjongt titelsong

07 mrt 2011 - 09:56

Sjongeres Elske DeWall fan Ljouwert sjongt de titelsong fan de nije Nederlânske bioskoopfilm 'Alle Tijd'. De single hjit 'Chasing the Impossible'. Regisseur fan de film Job Gosschalk hie in pear filmkes fan Elske DeWall op it ynternet sjoen en wie ûnder de yndruk fan har talint.

In pear dagen letter krige hy in demoferzje fan it nûmer te hearren. Hy liet it hearre oan haadrolspiler Paul de Leeuw en ek die wie optein. "Niets meer aan doen", liet er witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)