Groothuis wint wrâldbeker

06 mrt 2011 - 17:31
  • Groothuis dwaande mei in earerûntsje (foto: awfoto.nl)

Reedrider Stefan Groothuis hat snein foar it earst yn syn karriêre de wrâldbeker wûn. Hy wie dit seizoen de bêste op de tûzen meter. Op Thialf slute hy de 1000 meter ôf yn in winnende tiid fan 1.08,66, foar Kyou-Hyuk Lee en Shani Davis.

De tiid fan Groothuis wie krekt boppe it baanrekôr. Sjoerd de Vries fan Twellingea einige op it sechtjinde plak. Earder snein op de 500 meter wiener der gjin haadrollen foar de Nederlânske dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)