Boer: 3e yn wrâldbeker 500m

06 mrt 2011 - 16:45
  • Margot Boer yn aksje op de wrâldbekerfinale (foto: awfoto.nl)

Sprintster Margot Boer is tredde wurden yn it wrâldbekerklassemint op de 500 meter. De Grouster waard yn de ôfslutende 500 meter fjirde yn 38.74. Sneon waard al dúdlik dat de Dútse Jenny Wolf de wrâldbeker winne soe. Snein wûn se dizze ôfstân ek yn 38.37, foar Sang-Hwa Lee en Annette Gerritsen.

Thijsje Oenema fan De Jouwer waard mei 39.04 sânde. Troch dit resultaat komt Oenema takom wike op it WK ôfstannen net út op de 500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)