Anna Blamanhûs nei biblioteek

06 mrt 2011 - 13:50

De grutste homo- en lesbyske kolleksje fan Nederlân giet nei de iepenbiere bibliotheek fan Ljouwert. It giet dan om boeken, tiidskriften, skripsjes en films dy't no allegearre werom te finen binne yn it Anna Blamanhûs ek yn Ljouwert. Dêr ha se mear as hûnderttûzen titels. It Anna Blamanhûs ferhuzet nei de iepenbiere bibliotheek yn de hope om sa mear folk te lûken.

It hûs is ûnderdiel fan it ynternasjonaal homo/lesbysk argyf dat ek in festiging yn Amsterdam hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)