It Bilt foar Fryske VVV

06 mrt 2011 - 12:23

De gemeente it Bilt is ree om 7500 euro te stekken yn in nije provinsjale VVV, ek al is dit jier al jild yn in eigen promoasje-organisaasje stutsen.

It Bilt wie earder oansletten by de Uytland Rekreaasje Undernimmers. Dy organisaasje soarge ek foar promoasjemateriaal. It Bilt sjocht wol it nut fan in provinsjale VVV, hielendal no't ek de provinsje dêr jild ynstekt. Doel is dat de VVV-ynfopost yn Sint Anne gewoan beskikber bliuwt om toeristen te ynformearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)