Kevin Diaz werom by SC Cambuur

Kevin Diaz
Kevin Diaz makket moandeitejûn wer diel út fan de seleksje fan SC Cambuur by de útwedstriid tsjin Telstar. De oanfaller miste de lêste wedstriid tsjin Volendam, om't hy by de berte fan syn soan wêze woe.
Cambuur mist de al langer blessearren Robert van Boxel en Bob Schepers. Dy lêste is lykwols op it paad werom en kin oer in pear wiken wer spylje. Danny Guijt is tsjin Telstar noch skorst. Hy mei oare wike freed tsjin Almere City wol wer meidwaan.