Mear 30 km op De Jouwer

Skarsterlân oerwaget de hiele Hurddraverswei op De Jouwer yn te rjochtsjen as 30 kilometersône. Yn novimber ferline jier presintearre de gemeente in plan om op part fan de dyk 30 km yn te stellen, mar in soad minsken fine dat net genôch.
Dizze moanne praat de ried oer it plan. As de ried de hiele Hurddraverswei ynrjochtsje wol as 30 kilometersône, moat dêr noch wol jild foar fûn wurde, want dêr wie oant no ta gjin rekken mei hâlden.