Aris lit de winst lizze

De Friesland Aris hat de wedstriid tsjin Den Bosch yn de lêste fiif minuten út hannen jûn. It waard 74-73 foar EiffelTowers, wylst de Ljouwerters earder in foarsprong fan tweintich punten hiene. Yn it twadde en tredde kwart gong it mei Aris foar wûnder. Dêrnei wie ynienen it tûke skot fuort en waard der slopper ferdigene.
Fiif minuten foar de ein stie it noch 66-53. Trije minuten letter hie Den Bosch dat ferskil goedmakke en wûn.