LDODK ûnderút yn Den Haach

05 mrt 2011 - 22:28
  • Teloarstelling op de bank fan LDODK

LDODK kin de krúsfinales ferjitte. De kuorballers fan trainer Gerald Aukes ferlearen yn in rommelige wedstriid mei 19-10 fan Eibernest. Healwei stie it 8-5 yn Den Haach. LDODK kaam werom oant 8-7, mar dêrnei hie de ploech it krûd fersketten. Mei noch ien wedstriid te gean liket in plak by de earste twa net mear mooglik.

Mid-Fryslân is nei de 21-17 winst op SCO ek takom seizoen wer haadklasser. Foar it skoft wie SCO de boppelizzende partij, dêrnei Mid-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)