Sábliková en Gerritsen winne

Annette Gerritsen (foto: awfoto.nl)
De Tsjechise Martina Sábliková hat sneon de finale fan de wrâldbeker op de 3000 meter wûn. Twadde en tredde waarden de Dútske Beckert en Jorien Voorhuis. It einklassemint wie ek foar Sábliková.
Annette Gerritsen wûn earder sneon op ferrassende wize de 500 meter. Sy wie rapper as de toppers Jenny Wolf en Sang-Hwa Lee. Margot Boer fan Grou einige as fyfde. Thijsje Oenema fan De Jouwer stelde mei in tolfde plak op dizze ôfstân teloar.