Shani Davis bêste op 1500m

05 mrt 2011 - 16:34

De Amearikaanske reedrider Shani Davis hat sneon by de finales fan de wrâldbeker yn Thialf de 1500 meter wûn. Syn tiid wie 1.45,92. Hy pakte dêrmei ek de wrâldbeker op dizze ôfstân. Hy slute dit seizoen foar de fjirde kear it klassemint winnend ôf.

Stefan Groothuis waard knap twadde yn 1.46,09, sadat de rider takom wike starte mei op it WK-ôfstannen yn Inzell. Tredde waard de Rus Ivan Skobrev. Snein ride de manlju noch de 500 en 1000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)