Drachtster Boys wint derby

05 mrt 2011 - 16:28

De Fryske derby yn de sneonshaadklasse tusken Drachtster Boys en ONS Snits is mei 2-1 wûn troch de Drachtsters. ONS Snits kaam yn de 24ste minút op foarsprong troch in frije traap fan Arnold Herder. Dernei miste Ziyech in penalty foar de Snitsers.

Yn de twadde helte kaam in fûleindich Drachtster Boys út de klaaikeamer. Trainer Jan van Raalte seach syn ploech yn de 56ste en 69ste minút skoaren troch ynfaller Jelle Teitsma en Marco Woudsma út in penalty.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)