Camino-kuierders yn Fryslân

05 mrt 2011 - 15:58

De kommende wiken binne der yn Fryslân ferskate pylgertochten fanwege it jubileum fan it Genootschap van Sint Jacob, dat pylgers helpt op harren kuier nei Santiago de Compostela.

Sneon kaam estafetterintocht Camino der Lage landen mei 40 kuierders oan yn Fryslân. Yn Harns waard it earste stempel helle. De fytsers binne sneon yn de kop fan Noard-Hollân begûn. Sy bringe it estafettestokje, in Bourdon, mei. Op 19 maart nimme Grinslân en Drinte it wer fan de Friezen oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)