Avanti spilet lyk

De Avantiseleksje fan dit seizoen
Sealfuotbalklup Avanti hat freedtejûn in punt oerhâlden oan de wedstriid tsjin TPP. Yn Rotterdam waard it 4-4. De Stienzers skoarden it earste doelpunt, mar by rêst stie it 2-1 foar TPP. De Súd-Hollanners rûnen nei de tee al rap út nei in 4-1 foarsprong, mar troch in sterke fiif minuten kaam Avanti op 4-4.
Yn de slotfaze fan it treffen koe Avantikeeper Heerland noch knap rêding bringe. Avanti stiet no achtste op de ranglist.