Garaazje Saailân moandei iepen

05 mrt 2011 - 13:25

De grutste parkeargaraazje fan Fryslân giet wer iepen. Nei twa jier fan ferbouwen iepenet de parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert de doarren wer. Moandei kinne de earste parkearders dêr te plak.

De nije garaazje is ljocht en hat plak foar 700 auto's. De ferbouwing hat 20 miljoen euro koste en in lytse twa jier duorre. Fanwege winterwaar en asbest duorre de ferbouwing langer as pland. Moandei is der in moarnsbrochje mei de winkellju fan it Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)