Prins Douwe baas Drabbelterp

Yn it suden is de karnavalsgekte losbarst en ek yn Fryslân besykje in pear plakken mei te dwaan. Dêrom hjit Snits fan sneon ôf wer in pear dagen Drabbelterp. Ek is der tydlik in nije baas fan de stêd. Dat is diskear Douwe de Earste fan karnavalsferiening de Oeletoeters. Sneon krige hy de stedskaai fan boargemaster Apotheker.
Ek waard de Aggemabokaal útrikt oan in feriening dy't him op in positive wize ynsetten hat foar de stêd. Dy bokaal gie nei fuotbalklup Snits Wyt Swart.