CDA stimt CDA

04 mrt 2011 - 20:39

De leden fan de nije CDA-steatefraksje stimme by de Earste Keamerferkiezings yn maaie allegear op it CDA. Dat hat fraksjefoarsitter Sjoerd Galema witte litten. Earder dizze wike sei er dat elk steatelid in eigen ferantwurdlikheid hat as it giet om syn of har stimgedrach.

In protte Fryske CDA-ers ha muoite mei de gedoochstipe dy't de PVV oan it VVD/CDA-kabinet jout. Alle Fryske steateleden stimme lykwols CDA foar de Senaat, sa seit Galema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)