Earste 'sponsorbeam' plante

De aksje 'Bedriuwen foar Beammen' is freed úteinset yn Ljouwert. It inisjatyf komt fan stichting De Bomenridders. Sy wolle dat der mear beammen yn de stêd komme.
De beammeridders freegje dêrom de hûndert grutste bedriuwen yn de stêd om it plantsjen fan in beam te sponsorjen. De earste beam is freed plante troch Boargemaster Crone en direkteur Evert Wind fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. De Keamer fan Keaphannel is de earste beammesponsor.