Bou giet goeie kant út

It liket de goeie kant út te gean mei de bou. Dat seit Fred de Jong, de direkteur fan Praktykoplieding Bouw yn Fryslân. Bouw sit yn Ljouwert en It Hearrenfean. MBO'ers kinne dêr fjouwer dagen yn 'e wike wurkje yn de bou en ien dei teorylessen folgje.
Nei in lange winter en in pear drege jierren is De Jong hoopfol oer de takomst. Hy ferwachtet sels in tekoart oan learlingen oer in pear wiken. Foaral yn de ferbou is neffens De Jong in soad wurk.